Ekskursje ‘Energie in het landschap’
Samenvatting
It Kenniscentrum Noord en it Steunpunt Erfgoed Drenthe wiene de gasthearen/floulju foar in middei kennismeitsje mei erfguodobjekten dy’t mei enerzjy te krijen ha. Der hiene har sa’n tritich minsken opjûn, wêrfan tweintich harren net ôfskrikke lieten troch it minne waarsfoarútsjoch.
De hertlike ûntfangst wie yn it prachtige Damshûs yn Nij Beets. Nei de lunsj krigen wy fan twa (fan de njoggentich!) frijwilligers in rûnlieding troch it museum, dat eins mear in iepenloftpresintaasje is fan de ferfeaningsskiednis fan dizze streek. Dat is net allinnich in ekonomysk ferhaal, mar foaral ek in sosjaal, seker yn it ljocht fan it wat elitère Âld Beets/Beetstersweach as buorren.
In lúkse toeringbus brocht ús dêrnei nei Sintjohannesgea, wêr’t Johannes Kooistra in oansprekkende útliz joech oer syn moune, de Hersteller. Dy is al in tal jierren út funksje fan polderwetter fuortmeale, en is ré makke om mei de grutte wjukken (fjouwer kear alve meter) stroom te meitsjen. Dat wie noch net sa ienfâldich as je tinke soene. Kooistra en syn gesin ferbrûke sa’n 8.000 kWh yn it jier, wylst de moune de helte opsmyt. Dat kin wol oars, mar dat freget djoere yngrepen.

Moune De Hersteller yn Sintjut.
Doe fertrêden wy alhiel nei Wurdum. Der stie jierrenlang yn trafo-húske fan Liander te fertutteazjen, oant meubelmakker/foarmjouwer Ronald van der Zwaag ris by de gemeente Ljouwert frege wat sy dermei yn it sin hiene. It is it earste metsele transformatorhúske yn Fryslân en wie al mear as fjirtich jier bûten gebrûk. Amtners fan de gemeente fregen Van der Zwaag wat hy foar plan hie. No, in B&B like him wol wat. Dat wie in skot yn de roas, want dat fûne sy yn Ljouwert ek in prima idé. It restauraasjefûns sette him der achter en mei help fan in arsjitekt is it húske in prachtich tiny house wurden.

It trafohúske fan Ronald van der Zwaag krekt bûten Wirdum.
Al mei al in moaie middei, al gie it ferhaal wol krekt in bytsje oars as ferwachte: ‘Energie in het landschap’ handele oer erfguod wêr’t in enerzjyferhaal yn de skiednis sit: sawol it Damshûs, de moune Hersteller as in trafohúske fan Wurdum. It gie dus sasear oer enerzjytransysje, mar dat misbegrip leit him oan dizze dielnimmer.
Wat ek opfoel, alteast by in relatyve bûtensteaner: allinnich al yn de únoeging foar dizze dei is sprake fan fjouwer erfgoudorganisaasjes (Kenniscentrum Herbestemming Noord, Steunpunt Erfgoed Drenthe, Stichting DBF en Steunpunt Monumentenzorg Fryslân). En dan binne de measte besikers fan hjoed ek elts wer fan ien of oare monuminteklup. Allegear tige aerdige minsken dy’t it bêste foarha mei monumintebehear, mar as je der net sels by belutsen binne, fertizje je gau yn in burokratyske wirwar.
Tekst en foto’s: Boerderijenstichting Fryslân, Siebrand Krul
Iepeningsfoto: It Damshûs yn Nijbeets.
