Ferlet fan mear ûndersyk

Samenvatting

Foar in folle seal yn it Lânboumuseum hold de Boerderijenstichting Fryslân op 16 maaie har lêzingejûn, fersoarge troch Jan A. Mulder en Grietzen Bergsma. It gie oer boustylen fan buorkerijen, benammen neoklassicistyske wenhûzen derby, en oer opliedings fan argytekten. En, by de diskusje dêrnei, oer nije bestimmings fan monumintale buorkerijen.

Jan Mulder is in man mei in protte erfaring yn tal fan bestjoersfunksjes yn de kultuerhistoaryske hoeke. Sa hat hy oan de basis stûn fan de Boerderijenstichting. Hy hat kunde oan machtich folle minsken út de wrâld fan kuenst en kultuer, benammen yn Fryslân. Koartlyn publisearre hy in tsjok oersjuch fan de skiednis fan de buorkerijen fan de Sint-Anthoonstifting yn Ljouwert.
Yn Goutum hold Mulder in tige nijskirrich ferhaal, mei de nedige humor en selsspot, oer de ûntwikkelings yn de buorkerijenbou yn Fryslân, en dan foaral wêr’t it de wenhûzen oangiet. Syn oersjuch waaierde ek breder út nei efterlizzende boustylen, sadat dy yn Fryslân goed pleatst wurde koene. Hy ûnderstreke it ferhaal mei in rige foto’s op it grutte skerm.
Mulder soe graach sjen dat der mear ûndersyk dien wurdt nei de neoklassicistyske boustylen yn Fryslân. Hy fynt himsels dêrfoar te âld en te gammel, al bewiist syn stúdzje nei it Sint-Anthoon dochs wat oars. Mar foar him stiet nei al dat gewrot no syn frou Cora op it foarste plak. Buorkerijen-ûndersyk moat in oar ûndernimme. It is tankber wurk: der leit in wrâld te winnen, der is folle belangsteling foar, en sa’n ferhaal is goed mei byld te stypjen.
Grietzen Bergsma fertelde dêrnei oer syn oplieiding yn Delft, syn learmasters, en syn wurk as argytekt.
De diskusje nei ôfrin wie libbendich, en gie foaral oer wat je mei sa’n âlde pleats oan moatte as hy net mear brûkte wurdt foar kij, hea en ark. Dat is in hiele útdaging, en min moat net te benaud wêze om der wat oars as oars fan te meitsjen. In skoarre foar altiid yn autentyke steat te hâlden is net realistysk.
Siebrand Krul